It spul

Wat is it selskipsspul Euregua?
It spul hâldt wat it midden tusken in guozzeboerd en triviant. Yn de mânske doaze sitte in pear steapels kaartsjes mei fragen oer de Fryslannen. Fryslannen, omdat der aparte steapels foar Sealterlân en foar Noard-Fryslân binne. Yn Sealterlân – sa’n fyftich kilometer foarby Nijeskâns – prate noch rûchwei 2.000 minsken (Sealter)Frysk. Yn Noard-Fryslân – ek yn Dútslân, tsjin de Deenske grins oan – binne noch sa’n 10.000 (Noard-)Fryskpraters. Der sitte ek fragen yn it Biltsk, Stellingwerfsk en Hylpers yn.
De fragen geane oer de skiednis fan Fryslân, geakunde en natoer, mar der binne ek mear algemiene fragen oer sport, muzyk ensafuorthinne. Tagelyk wurde Europa en dan benammen de oare minderheidstaalgebieten yn Europa net fergetten.
In doaze kostet € 32,50.

Ferskaat oan kultueren en talen
Europa hat in grut ferskaat oan kultueren en talen. Gjin inkeld lân yn de Europeeske Uny (EU) is ientalich en in soad lannen binne meartalich. It is in Europeesk mienskiplik belang om dy kulturele rykdom yn stân te hâlden en te fersterkjen. Soks kin tagelyk bydrage oan begryp en respekt foar inoars kultueren en talen en dêrmei de ûnderlinge ferdraachsumens befoarderje. Dat jildt yn it bysûnder foar de regionale talen sûnder kin state. Foar dy talen bestiet der gjin steat, meast in buorlân (kin state) dêr’t dy taal net in regionale taal, mar krekt de steatstaal is. It Frysk is sa’n regionale taal sûnder kin state.

Hoe en wat fan EUREGUA!
De Ynternasjonale KontakteKommisje (YKK) fan de Ried fan de Fryske Beweging hat it inisjatyf nommen om in selskipsspul oer dy regionale talen sûnder kin state te ûntwikkeljen en út te bringen, mei as haaddoel it lêzen en brûken fan de regionale taal en kennis oer oare regionale talen te befoarderjen. It ynternasjonale aspekt fan it selskipsspul beheint him no noch ta it Frysk yn (Westerlauwersk) Fryslân en it Noardfrysk en Sealterfrysk yn Dútsklân. It jout al spyljend in soad nijsgjirrige ynformaasje oer dy gebieten. Der binne fragen oer skiednis, taal, natoer, sport en spul, muzyk, festivals, ensfh. By de fragen oer Fryslân sitte ek fragen oer de Stellingwerven, It Bilt en Hylpen. Foar Westerlauwersk Fryslân hat de YKK in eigen spulboerd en foar gebrûk troch elkenien is ek in Europaspulboerd ûntwikkele. Fan it eigen Fryslân-spulboerd kin oerstapt wurde nei it Europa-spulboerd of oarsom. Mei de kar foar in Europa-spulboerd mei dêrop de regionale talen sûnder kin state en in set fragen yn de eigen regionale taal oer de Ried fan Europa, de Europeeske Mienskip en Europa yn it algemien wol dit spul dêroan bydrage.

Wêrom keazen foar de foarm fan in selskipsspul en foar wa?
By in spul as EUREGUA! kin men thús, op skoalle of yn ferieningsferbân kennis diele en ferspriede en dat mei sin en wille deropta. It selskipsspul is rjochte op it mienskiplik learen as in groepsaktiviteit. It echte learen is ommers foaral in ynteraktyf proses. In edukatyf selskipsspul mei fleur en kriich by it spyljen is in gaadlike kombinaasje fan ynformaasje en rekreaasje. It kin nijsgjirrich meitsje en útnoegje ta inisjatyf om mear oan de weet te kommen. EUREGUA!-spilers kinne dan krekt as de âlde Grykse filosoof en útfiner Archimedes sizze: EUREKA! – Ik ha it fûn! No wit ik it!