Nijs oer it selskipsspul !

 

Earste Selskipsspul Euregua foar Deputearre JanneWietske de Vries

Woansdei 19 novimber is it earste eksimplaar fan it selskipspul EUREGUA! oan deputearre JanneWietske de Vries oanbean yn Anna Maria van Schurman yn Frjentsjer.

EUREGUA! is in spul dat yn groepsferbân spile wurde kin yn skoallen, húshâldings en klubs. As op in soarte fan routekaart kin der troch it smiten mei dobbelstiennen in wei ôflein wurde yn Fryslân of Europa. Troch it beanderjen fan fragen op kaartjes oer de minderheidstaalgebieten fan de Fryslannen kinne der tegoedkaarten sammele wurde. Wa’t de measte punten sammele hat is de winner. It spul kin ek spile wurde mei twatallen.

Nei 29 novimber binne de spyldoazen rûnom yn Fryslân te krijen. Sjoch foar de   adressen ûnder de knop SELSKIPSSPUL. De doazen binne dêr ôf te heljen. In   doaze kostet € 32,50. It spul is makke troch de wurkgroep YKK (Ynternasjonale KontakteKommisje) fan de Ried fan de Fryske Beweging. Meiwurking is ferliend troch fertsjintwurdigers fan   Sealterlân, NoardFryslân, De Stellinwarver Schrieversronte, Stichting Ons Bildt   en hiel wat oaren út Westerlauwersk Fryslân.

Alles mei elkoar is der hast fjouwer jier oan wurke troch de YKK-leden: Willem Riemersma, Jaap Rinzema, Geeske Krol, Klaske Straatsma, Gosta Jellema en Gjalt Jelsma.

Wat in wurk hat it west. Wat bin ik bliid dat eltsenien der mei spulje kin .”

Yn ‘t spier foar it Selskipspul Euregua
Woansdei 19 novimber is de grutte dei foar de YKK (de Ynternasjonale Kontaktekommisje) fan de Ried fan de   Fryske Beweging. Nei fjouwer jier fan lobbyen, neitinken, kontakten lizze,   fergaderjen, harsenskrabjen…. wurdt om 13.30 oere op it Anna Maria van   Schurman lang om let it earste eksimplaar van it selskipspul Euregua oan deputearre Jannewietske de Vries útrikt. Sneon moasten de doazen ynpakt wurde