Skiednis fan Sealterlân, Noard-Fryslân, It bildt en de stellingwerven

Sealterlân
Der binne hjoed de dei, neffens in ûndersyk út 1998, noch sa’n 2.250 minsken dy’t it Sealterfrysk prate kinne, mar dêrfan behearskje mar sa’n 1.000 lju dy taal echt goed. Dy minsken hearre fansels foar it grutste part by de âlderein, mar bemoedigjend is, dat neffens guon tellings it tal Sealtersktaligen wer stadichoan oan it tanimmen is.

It Sealterlân wie foarhinne in eilân fan likernôch 15 by 4 km tusken de sompen, dêrtroch wie it gebiet oant de 19e ieu bot isolearre. Tusken 1100 en 1400 waard it eilân troch de Friezen út East-Fryslân bewenne. Troch dy isolearre lizzing hawwe de Sealters it Frysk as it Sealterfrysk ûntwikkelje kinnen.

De sompen wienen it grinspunt fan trije machtsgebieten, fan Kloppenboarch, Emden en Aldenboarch, dat hja foarmen in stikje nimmenslân tusken de machtigere buorlju. Yn de midsieuen hie it Sealterlân harren eigen rjocht. Karel de Grutte, dy’t algemien rjocht foar de Friezen fêststeld hie, hat hjir mooglik ek in part yn spile. It Sealterân hie mear privileezjes krigen, en wie in gebiet mei grutte ûnôfhinkelikens.

Yn 1803 waard it gebiet troch it hertochdom Aldenboarch anneksearre. Yn 1934 waard de earste gemeente Sealterlân oprjochte. Njonken de doarpen Roomelse en Schäddel hat ek it doarp Nijschäddel by it Sealterlân heard. Hjoed de dei heard Nijschäddel by de gemeente Friesoythe. Op 1 maart 1974 waard de hjoeddeiske gemeente Sealterlân oprjochte.

Noard-Fryslân
It Noardfrysk is in taal dy’t heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan ‘e Westgermaanske talen. Mei it Westerlauwersk Frysk en it Sealterfrysk foarmet it de Fryske taalgroep.

It Noardfrysk wurdt sprutsen yn Noard-Dútslân, yn it westlike part fan ‘e Kreis Noard-Fryslân (Dútsk: Nordfriesland), dy’t yn it noardwesten fan ‘e dielsteat Sleeswyk-Holstein leit en dêr’t Husum de haadstêd fan is. It Noardfryske taalgebiet beslacht in krite oan ‘e Noardseekust, fuort besuden de Deenske grins, en acht eilannen foar de kust. Fierders wurdt it ek praten op it ta de Kreis Pinneberch hearrende eilân Hilgelân (Helgoland), yn ‘e midden fan ‘e Dútske Bocht.

Sa om it jier 700 hinne hawwe Friezen de Noardfryske eilannen kolonisearre. It is net wis wêr’t hja krekt weikamen, mar der wurdt oannaam dat dizze earste weach ferbân hie mei de oarloch tusken Franken en Friezen. De twadde weach hat om it jier 1100 hinne plak hân; dy groep, út Easterlauwersk Fryslân, hat him op it fêstelân fêstige. Oant 1864 hearde Noard-Fryslân ûnder de Deenske Kroan.

It Bildt
It Biltsk is de Hollânsk-Fryske mingtaal dy’t praten wurdt yn ‘e ta de provinsje Fryslân hearrende gemeente it Bilt. It is ûntstien doe’t Joaris mei de Burd, doe’t er yn 1505 de hearskippij oer Fryslân yn ‘e hannen krigen hie, lju út súdlik Hollân helle om ‘e mûning fan ‘e eardere Middelsee yn te polderjen, en dy hja dêr letter nei wenjen setten. It doarp Minnertsgea, dat op it “âlde lân” leit en pas by de gemeentlike weryndieling fan 1984 by it Bilt kommen is, heart net ta it Biltske taalgebiet.

Op it Bilt wurdt it Bilsk tsjintwurdich noch praten troch likernôch 6.000 minsken (2006), 57,1% fan ynwenners fan de gemeente ynklusyf Minnertsgea. Bûten it Bilt yn ‘e rest fan Nederlân libje nei skatting grif nochris 1.000 lju dy’t Biltsk prate, benammentlik yn oangrinzgjende Fryske doarpen, lykas Stiens en Berltsum, en yn Ljouwert. It totale tal praters moat dan om en by de 7.000 lizze.

Stellingwerven
It Stellingwerfsk, ek wol Oertsjongersk neamd, is in Nedersaksysk dialekt dat praten wurdt yn it súdeasten fan ‘e provinsje Fryslân, it noardwesten fan ‘e provinsje Oerisel en it súdwesten fan ‘e provinsje Drinte. It is ien fan ‘e fitaalste Nedersaksyske dialekten yn Nederlân.

It Stellingwerfsk wurdt tsjintwurdich praten troch sa’n 51.000 minsken. Dêrfan wenje likernôch 14.000 yn Weststellingwerf, 7.000 yn Eaststellingwerf, 20.000 yn it Stienwikerlân en 10.000 yn súdwestlik Drinte. It Stellingwerfsk is ien fan ‘e fitaalste Nedersaksyske dialekten yn Nederlân en boppedat is it it meast emansipearre Nedersaksyske dialekt. Dat komt om’t it yn it skaad fan in sterkere minderheidstaal (it Frysk) bestiet en him dêr sawol tsjin ôfset as oan oplutsen hat. Lykwols nimt it sprekkerstal stadichoan ôf, mei’t in bûtenproporsjoneel grut part fan ‘e sprekkers út âlderen bestiet.